Heikie Hoeksma
In fleurich praatsje en plaatsje oer flora en fauna, de greidefûgels yn't bysûnder.
Nei oanlieding fan 't fyftich jierrich bestean fan de Fûgelwacht Stynsgea - Surhúzum e.o. hat dizze fjildman, neist syn bekinde presintaasje oer krûden en túnkeunst, in nij programma makke oer flora en fauna. Berne oan de râne fan de Wiide Pet en grut brocht mei fûgels en blommen, dêr't er saakkundich oer fertelle kin, stiet dizze lêzing boarch foar in geselliche jûn. Tige nijsgjirrich want de ynlieder komt út in aaisikerslaach. Eigen ûnderfining, noch wat oanfold troch de âlde garde, meitsje dat dit programma ek geskikt is foar de jongerein. Boppedat kin der lake wurde om de anekdotes út 't fjild en deistich libben. Om't de ynlieder ek skriuwer en dichter is, rollet der sa no en dan in koartswilich ferske tusken troch. Koartsein in learsume lêzing oer fûgels, blommen en minsken, presentearre troch in fjildman út de praktyk.
Heikie Hoeksma
Krúswei 30
9281 KL Harkema
tel. 0512 332655
Dia-lezing
Kosten: Yn oerliz.